Overzicht activiteiten
01/08

Surhuisterveen, Doarpstsjerke. gedichten


Doarpstsjerke Surhuisterveen 1 t/m 29 augustus 13.30 - 17.00 uur

Op 3 sneontemiddeis kinne de minsken komme om de tsjerke te besjen, de gedichten te lêzen, der wat oer te mimerjen, de skilderijen yn harren omgean litte en sa efkes stil te wêzen yn in hûs fan stilte. Der binne ek gedichten te lêzen fan Fedde Schurer en Eppie Dam. De lêste is koartlyn ferstoarn en yn tsjerklik fermidden benammen bekend wurden troch syn ferzje fan het Onze Vader, it Us Heit: God fan fier en hein ús Heit. Dizze tekst is ek yn de Doarpstsjerke te lêzen.

Op 29 augustus is der in lytse ekposyje mei boeken fan en oer Fedde Schurer. Tsjerkepaad 2026 wurdt sjongenderwize ôfsletten: fan 16.30 oere  ôf wurde der dan ûnder lieding fan Geart van der Heide lieten songen út De gitaar by it boek fan Fedde Schurer. Elts dy’t graach sjonge mei kin meidwaan.





 

Terug naar overzicht

Tsjerkepaad werkt samen met:
 
Copyright 2026: Tsjerkepaad Friesland Privacyverklaring Realisatie: Wmmedia.nl