Overzicht activiteiten
04/07

Woudsend Karmel kerk. Expositie


Karmel kerk Woudsend 4 juli - 12 september 13.30 - 17.00 uur

Tentoonstelling met natuurfoto's van Renske de Boer. Foto's te herleiden naar bijbel en geloof.

As it tsjerkepaadtiid is , mei ik yn Woudsend in eksposysje hâlde. Haw der sin oan! No sille jo wol witte wolle, wa’t ik bin! Ik bin Renske de Boer. Dat is fansels net genôch. Ik kin alle dagen sa fan ‘e natuer genietsje! Sa prachtich!
Wat ik sa moai fûn, is, dat doe’t it koronatiid wie, de natuer gewoan troch gong en it in prachtich foarjier brocht. Dat joech my moed!
Foto’s fan ‘e natuer meitsje, rolle automatysk hast efter myn ferwûndering oan.
Mei dy foto’s bin ik kreatyf dwaande mei in kalinder en mei posters.
Neist mei foto’s dwaande , mei ik ek graach skriuwe.
Dêrneist fyn ik muzyk meitsje [haw oargelles!] en komponearje ek tige moai om te dwaan.
Ik sil my dus net gau ferfele.
Tink no net, dat ik in útsûnderlik mins bin. Ik kin dingen net, dy’t oaren wol maklik kinne.
Sa dan dat ek wer lyklutsen.
 Ik hoopje jimme yn de kommende tsjerkepaadtiid te moetsjen.


 

Terug naar overzicht

Tsjerkepaad werkt samen met:
 
Copyright 2026: Tsjerkepaad Friesland Privacyverklaring Realisatie: Wmmedia.nl